Posts tonen met het label Doch mear mei Tomke. Alle posts tonen
Posts tonen met het label Doch mear mei Tomke. Alle posts tonen

zaterdag 25 mei 2019

Tema Tomke yn it ferkear

Kommende wiken binne wy dwaande mei it tema Tomke yn it ferkear.
It giet dan oer ferfiermiddels, hoe sjogge ferfiermiddels derút? Watfoar ferfiermiddels binne der en hokker lûden meitsje se. Mei de bern ferkenne wy de omjouwing, wat binne de regels yn it ferkear en wat is feilich?
It tema wurdt opdield yn trije dieltema's 'op'e fyts', 'ferkearsregels en 'lûden yn it ferkear'.


Understeande wurden sille in soad brûkt wurde yn dit tema:

ferkear/verkeer  ferkearsregels/verkeersregels  ferkearsboerd/verkeersbord  fyts/fiets auto   plysjewein/politieauto  ambulânse/ambulance  brânwachtauto/brandweerauto   fleantúch/vliegtuig boat/boot  bus  trein  helikopter  motor  de dyk/de weg  brêge/brug  benzinepomp pech garaazje/garage  sebrapaad/zebrapad  stopljocht/stoplicht 


Sjoch foar aktiviteiten by dit tema op de appels & parren Pinterest pagina

zaterdag 6 oktober 2018

Tema: thús


Ik lis op'e bank
mem sit op'e stoel.
Tegearre thús,
dat is in fijn gefoel. 
(út Myn earste Fryske Van Dale)

De ôfrûne wiken ha wy dwaande west mei it tema thús. Wy ha nei it hûs fan Tomke sjoen, hoe sjocht dat der út? muorren, in dak in doar, in rút ensfh. Wat foar keamers binne der yn in hûs en wat dogge wy yn dizze keamers? Wy sjogge goed om ús hinne, sawol binnen as bûten. De bern fertelle sels al gau oer thús. Moaie útpraken dy dan foarby komme: 'Ik heeft ook een dak' en 'ik wit net wêr myn hûs wennet'  Wat dogge wy yn de badkeamer?  ''swimme'! wurdt der roppen. 


Alle dagen pakke wy in pear wurdkaarten derby en besykje dan út te finen by wat foar keamer dy heart.
Wy triuwe op de belle, meitsje sels post en dogge dat as echte postboades yn de brievenbus.
Wy nifelje in hûs fan in doaze en ferjitte de doar, de rúten en de belle net.


Rymkes 

Rút
In rút is fan glês
in rút is hiel tin
do kinst der troch sjen
sjochsto wêr't ik bin?


Belle
De belle seit dingdong
of tingeling of tring
do witst it noait
it is in grappich ding.






Keuken
Yn de keuken meitsje wy it iten
en yn'e keuken op'e grûn,
hat it lytse mûske
en wat lekkers fûn.

Sliepkeamer
Ik ha in eigen sliepkeamer
mei in bêd en mei in kast.
Dêr kin ik lekker koese
mei bear dy't op my past.

Souder
By ús op'e souder
wennet Marten Mûs
hy wennet yn in doaze
dy doaze is syn hûs
De ûndersteande wurden ha wy in soad brûkt:
It hûs - het huis / de doar - de deur / it rút - het raam / de brievebus - de brievenbus / de bel / de gong - de gang / de keamer - de kamer / de keuken / de souder - de zolder / de badkeamer - de badkamer / it húske - de wc / de trep - de trap / de stoel / de tafel / de telefyzje - de televisie / de kraan / de dûs - de douche / it bêd - het bed

Boeken by dit tema:
Tûzen wurden - praatplaat yn'e hûs
It Mûzehûs Sam & Julia - Karina Schaapman
Nijntje bij mij thuis - Dick Bruna
Rond het huis - Frank Girad en Marie Odile Fordacq
Daar is mama! - Marianne Witvliet & Mark Jansen
Waar ben je kleine beer? - Martin Waddell & Barbara Firth
Koesboek - Baukje Wytsma & Carla van der Heijde



zondag 15 juli 2018

Thema (zomer) vakantie

























sinne simmer
zomerzon
sinnewille
swimme zwom
mei myn dûkbril
en myn flippers
bleate fuotten
yn de slippers

Wij zijn alle een poosje druk met het thema zomer. Tomke en Romke gaan op vakantie wat gaat er mee in de koffer? We pakken hem samen in en uit. Alle liedjes, rijmpjes en verhalen gaan natuurlijk ook over de zomer en zomervakantie. We maakten tenten in de tuin en in de kamer, want vakantie vieren kan natuurlijk ook thuis!


Themawoorden 
de fakânsje - de vakantie / de tinte - de tent / de karavan - de caravan / kampeare - kamperen / de koffer / ynpakke - inpakken / it kaartsje - het kaartje / in kaartsje stjoere - een kaartje versturen / de post / waarm - warm / de sinne - de zon / moai waar - mooi weer / simmer - zomer

Kijk ook eens op www.tomke.nl 

vrijdag 26 januari 2018

Winterthema activiteiten

De afgelopen weken maakten we nepsneeuw (maizena en scheerschuim), plakten we warme wintertruien en winterwanten en kreeg Tomke zijn lekkere warme wintersetje!









Follow my blog with Bloglovin

maandag 15 januari 2018

Wintertema: waarm en kâld


Kâlde hantsjes AU AU AU
kâlde fingers read en blau.
Waarme wantsjes, gau gau gau!
Sa no kin ik wer op sjou.
(út Doch mear mei Tomke tema Winter)


It is winter! Bûten wurdt it kâld en binnen ha wy lekker de kachel oan. Miskien falt der noch wol snie en kinne wy slydzje of in snieman meitsje. Wa wit kinne wy dizze winter sels wol ride op it iis.
Tomke boartet ek yn'e winter graach bûten mar moat him fan Kornelia wol goed waarm oanklaaie. Wat hat hy dan allegear nedich?

De kommende wiken hâlde wy us dwaande mei it wintertema, waarm en kâld. 
Wat heart allegear by de winter? Wy prate oer snie en iis en fansels geane wy nei bûten. Hoe fielt dat? Wy harkje nei ferhaaltsjes en opsisferskes, sjonge ferskes, boartsje en nifelje oer it tema.

Yn de ferhaaltsjes, rymkes en ferskes sille dizze wurden in soad foarby komme:
Kâld - koud, kjeld - kou, waarm - warm, mûtse - muts, wanten - handschoenen, sjaal,  sokken, waarm wriuwe - warm wrijven, snie - sneeuw, iis - ijs, glêd - glad.

Wy lêze:
  • Wanten fan Mirjam van Houten út Tomke troch it jier ( juni 2017 nr 21)
  • Kâlde poatsjes út 'doch mear mei Tomke' tema winter
  • Nijntje 'pake en beppe pluis'
  • Winterwille mei Stip
  • Kinst net sliepe lytse bear?