kâlde fingers read en blau.
Waarme wantsjes, gau gau gau!
Sa no kin ik wer op sjou.
(út Doch mear mei Tomke tema Winter)
It is winter! Bûten wurdt it kâld en binnen ha wy lekker de kachel oan. Miskien falt der noch wol snie en kinne wy slydzje of in snieman meitsje. Wa wit kinne wy dizze winter sels wol ride op it iis.
Tomke boartet ek yn'e winter graach bûten mar moat him fan Kornelia wol goed waarm oanklaaie. Wat hat hy dan allegear nedich?
De kommende wiken hâlde wy us dwaande mei it wintertema, waarm en kâld.
Wat heart
allegear by de winter? Wy prate oer snie en iis en fansels geane wy
nei bûten. Hoe fielt dat? Wy harkje
nei ferhaaltsjes en opsisferskes, sjonge ferskes, boartsje en nifelje
oer it tema.
Kâld - koud, kjeld - kou, waarm - warm, mûtse - muts, wanten - handschoenen, sjaal, sokken, waarm wriuwe - warm wrijven, snie - sneeuw, iis - ijs, glêd - glad.
Wy lêze:
- Wanten fan Mirjam van Houten út Tomke troch it jier ( juni 2017 nr 21)
- Kâlde poatsjes út 'doch mear mei Tomke' tema winter
- Nijntje 'pake en beppe pluis'
- Winterwille mei Stip
- Kinst net sliepe lytse bear?
Geen opmerkingen:
Een reactie posten