Ik lis op'e bank
mem sit op'e stoel.
Tegearre thús,
dat is in fijn gefoel.
(út Myn earste Fryske Van Dale)
De ôfrûne wiken ha wy dwaande west mei it tema thús. Wy ha nei it hûs fan Tomke sjoen, hoe sjocht dat der út? muorren, in dak in doar, in rút ensfh. Wat foar keamers binne der yn in hûs en wat dogge wy yn dizze keamers? Wy sjogge goed om ús hinne, sawol binnen as bûten. De bern fertelle sels al gau oer thús. Moaie útpraken dy dan foarby komme: 'Ik heeft ook een dak' en 'ik wit net wêr myn hûs wennet' Wat dogge wy yn de badkeamer? ''swimme'! wurdt der roppen.
Alle dagen pakke wy in pear wurdkaarten derby en besykje dan út te finen by wat foar keamer dy heart.
Wy triuwe op de belle, meitsje sels post en dogge dat as echte postboades yn de brievenbus.
Wy nifelje in hûs fan in doaze en ferjitte de doar, de rúten en de belle net.
Rymkes
De ûndersteande wurden ha wy in soad brûkt:
It hûs - het huis / de doar - de deur / it rút - het raam / de brievebus - de brievenbus / de bel / de gong - de gang / de keamer - de kamer / de keuken / de souder - de zolder / de badkeamer - de badkamer / it húske - de wc / de trep - de trap / de stoel / de tafel / de telefyzje - de televisie / de kraan / de dûs - de douche / it bêd - het bed
Boeken by dit tema:
Tûzen wurden - praatplaat yn'e hûs
It Mûzehûs Sam & Julia - Karina Schaapman
Nijntje bij mij thuis - Dick Bruna
Rond het huis - Frank Girad en Marie Odile Fordacq
Rút
In
rút is fan glês
in
rút is hiel tin
do
kinst der troch sjen
sjochsto
wêr't ik bin?
Belle
De belle seit dingdong
of tingeling of tring
do witst it noait
it is in grappich
ding.
|
Keuken
Yn
de keuken meitsje wy it iten
en
yn'e keuken op'e grûn,
hat
it lytse mûske
en
wat lekkers fûn.
Sliepkeamer
Ik
ha in eigen sliepkeamer
mei
in bêd en mei in kast.
Dêr
kin ik lekker koese
mei
bear dy't op my past.
Souder
By
ús op'e souder
wennet
Marten Mûs
hy
wennet yn in doaze
dy
doaze is syn hûs |
It hûs - het huis / de doar - de deur / it rút - het raam / de brievebus - de brievenbus / de bel / de gong - de gang / de keamer - de kamer / de keuken / de souder - de zolder / de badkeamer - de badkamer / it húske - de wc / de trep - de trap / de stoel / de tafel / de telefyzje - de televisie / de kraan / de dûs - de douche / it bêd - het bed
Boeken by dit tema:
Tûzen wurden - praatplaat yn'e hûs
It Mûzehûs Sam & Julia - Karina Schaapman
Nijntje bij mij thuis - Dick Bruna
Rond het huis - Frank Girad en Marie Odile Fordacq
Daar is mama! - Marianne Witvliet & Mark Jansen
Waar ben je kleine beer? - Martin Waddell & Barbara Firth
Koesboek - Baukje Wytsma & Carla van der Heijde
Koesboek - Baukje Wytsma & Carla van der Heijde
Geen opmerkingen:
Een reactie posten