maandag 29 mei 2017

Maitiids tema: op'e strún yn de tún


 Op'e strún yn de tún!  

Lizze yn it gers op'e rêch as op'e búk.
Slûpe en krûpe,
Sjoch! dêr by die grutte strúk.

Wat bist hat him dêr ferstoppe? 
Soe er wol hearre dat wy him roppe? 
En wa doart en sjoch ris ûnder die grutte stien? 

Hjoed geane wy op aventoer
Hjoed geane wy op strún
Hjoed geane wy op aventoer yn de tún!

Mei in aventoer witst fan tefoaren net wat der barre sil, en dat kin fansels wol in bytsje spannend wêze! Yn de tún belibje wy altyd wol wat. Der is in soad te sjen, mar ek te hearren, te rûken en te fielen.
In fûgel op it stek mei in tûkje yn'e bek, slakken fine, mei de bleate fuotten fiele dat it gers kriebelt.
 
De reaksje fan de bern op lytse bisten as de wjirm, slak, spin en stienkrobbe is noch wol ris ien fan 'ieuw en jakkes bah!' mar ek hieltyd faker fan 'sjoch ris wat ik hjir fûn ha!'

grutte en lytse slakken op de parrebeam


Hjirûnder de wurden dy't by dit tema in soad foarby komme:

de tún - de tuin | it gers - het gras | blommen - bloemen | tûkjes - takjes | wjirm - worm | slak | stienkrobbe - pissebed | fûgel - vogel | ingeltsje - lieveheersbeestje | spin | flinter - vlinder

Boeken by dit tema:
  • Dag beestjes! - Elle van Lieshout, Erik van Os en Mies van Hout
  • Hoe doet dit dier? - Sebastiaan Braun
  • Oeps er zit een worm in! - Britta Teckentrup
  • De regenworm - Marian van Gog (de kijkdoos)
  • De slak - Bouwina de Ridder (de kijkdoos) 
  • Ik onderzoek de dieren onder een steen - Winkler Prins ontdekboek
  • Tûzen wurden - Heather Amery (praatplaat de tún)