Bûten waait it in stoarm, mei snie- en
hagelbuien. Wy bliuwe hjoed mar lekker binnen. Mei in tinte oer de tafel en ferskes
oer de hurde wyn kinne wy us tige fermeitsje!
Hoei hoei hoei hoei!
Wyn, wêr waaist my hinne?
Asto tsjin myn búk oanblaast (de
hannen op'e búk dwaan)
kin ik hast net rinne. (mei in soad
muoite foarút komme)
Hoei hoe hoei hoei!
Wyn wêr waaist my hinne?
Asto tsjin myn rêch oanblaast (mei de
hannen tsjin de rêch oantriuwe)
kin ik hiel hurd rinne! (in eintsje
hurd rinne)
(út Tûzenpoatsjes fan Geartsje Douma)
It waar makket wol yndruk op de bern. Op de waarkaart kinne wy hjoed wol fjour plaatsjes oanwize! Rein, wyn, snie en hagel.