It nije jier is al wer in pear wiken âld. De nijjiersborrel hat west en de bern sitte wer hielendal yn it ritme. Tiid dus om mei in nij tema útein te setten. It tema 'myn húsdier' hat fansels neat mei it seizoen te krijen mar is in ûnderwerp wat op dit momint bot spilet by de bern. Benammen de jonge hûntsjes springe yn it each...
Digitaal prentenboek - Het leukste huisdier |
Frokkie en Lola binne der ek tige drok mei. Fan heit en mem meie se in húsdier útsykje. Mar hokker bist fine se it leukste? In hûn, fûgel, kat, fisk of miskien dochs in knyn?
Aktiviteiten
- Wy lêze: Het leukste huisdier ( Frokkie en Lola) fan Karin Luttenberg
- Wy komme yn 'e kunde mei de hûn, kat, fûgel, fisk en knyn. Hokker gelûden meitsje dizze bisten? Wat meie se graach ite, ensfh.
- Wy meitsje in hok foar de hûn en Fervje in fiskje
- Wy boartsje mei de (knuffel) hûntsjes yn de koer.
- Wy sjonge út 'Deuntsjes Foar Dy'
- Opsisferskes út 'Myn earste Fryske Van Dale :
HûnIn hûn hat fjouwer poatenin sturtsje en in snút.Hy stiet dêr mar te blaffen
hy wol der wolris út.
Kat
In kat is in poes
en in poes is in kat
in kat fangt mûzen
wisto dat?
Fisk
In mûle, in eachje
in fin en in sturt...
Dat is in fisk
en in fisk swim hiel hurd!
Knyn
Hippe, sitte, hippe, sitte,
even rûke, minemyn.
Soesto it al witte?
Dit dierke is in....
Geen opmerkingen:
Een reactie posten