zondag 25 januari 2015

Tema: Myn húsdier

It nije jier is al wer in pear wiken âld. De nijjiersborrel hat west en de bern sitte wer hielendal yn it ritme. Tiid dus om mei in nij tema útein te setten. It tema 'myn húsdier' hat fansels neat mei it seizoen te krijen mar is in ûnderwerp wat op dit momint bot spilet by de bern. Benammen de jonge hûntsjes springe yn it each...

http://www.leesmevoor.nl/frokkie-en-lola/het-leukste-huisdier.htm
Digitaal prentenboek - Het leukste huisdier

Frokkie en Lola binne der ek tige drok mei.  Fan heit en mem meie se in húsdier útsykje. Mar hokker bist fine se it leukste? In hûn, fûgel, kat, fisk of miskien dochs in knyn?  

Aktiviteiten 
  • Wy lêze: Het leukste huisdier ( Frokkie en Lola) fan Karin Luttenberg
  • Wy komme yn 'e kunde mei de hûn, kat, fûgel, fisk en knyn. Hokker gelûden meitsje dizze bisten? Wat meie se graach ite, ensfh. 
  • Wy meitsje in hok foar de hûn en Fervje in fiskje
  • Wy boartsje mei de (knuffel) hûntsjes yn de koer.
  • Wy sjonge út 'Deuntsjes Foar Dy'
  • Opsisferskes út 'Myn earste Fryske Van Dale :  

    Hûn
    In hûn hat fjouwer poaten
    in sturtsje en in snút.
    Hy stiet dêr mar te blaffen
    hy wol der wolris út.

    Kat
    In kat is in poes
    en in poes is in kat
    in kat fangt mûzen
    wisto dat?

    Fisk
    In mûle, in eachje
    in fin en in sturt...
    Dat is in fisk
    en in fisk swim hiel hurd!

    Knyn
    Hippe, sitte, hippe, sitte,
    even rûke, minemyn.
    Soesto it al witte?
    Dit dierke is in....