maandag 16 april 2018

Maitiids tema - myn túntsje

It is maitiid! Wy binne alle dagen yn de tún en alle dagen sjogge wy wer wat nijs. It gers is wer grien en ek oan it appel- en parrebeamke komme hiel foarstichtich wer griene bledsjes. Wy ha blomkes plante en woartelsiedsjes yn de grûn dien. Hiel spannend, no mar wachtsje op wat der groeit en bloeit. Kommende tiid hâlde wy us hjir mei dwaande, fansels sille wy hiel goed soargje foar us túntsje!

'Ik ha sels in túntsje, mei beantsjes en mei slaad, mei woartels en komkomer, radyskes en tomaat.'
 (Myn túntsje - Deuntsjes foar dy)








Hjirûnder de wurden dy't by dit tema in soad foarby komme:

de tún - de tuin | it gers - het gras | blommen - bloemen | gieter | griente - groente | woartel - wortel | siedsjes - zaadjes | de kroade - de kruiwagen | de skeppe - de schep | it ingeltsje - het lieveheersbeestje


Boeken:
Helden in de groentetuin - Ulf Stark Charlotte Ramel
De tún - Tûzen wurden
Muis ontdekt de natuur - Lucy Cousins
Deuntsjes foar dy - Geartsje Douma, Hindrik van der Meer