zondag 9 juli 2017

Simmer - Zomer




De sinne skynt,
de loft is blau,
de wolken ha fakânsje.

Alles dûnset, sjongt en ropt,
kom nei bûten, gau, gau gau!

De sinne laket
en knypeachet nei my.
Sjoch, rûk, hark en fiel,
it is SIMMER, spesjaal foar dy!




It is folop simmer en dizze wiken is dat dan ek us tema. Foar it earst brûke wy in tema út de 'Doch mear mei Tomke' aktiviteitemap. De Tomke pop heart der al hielendal by. De bern klaaie him oan en út neffens it waar, de trui en broek binne fansels gau te waarm en mei sinneskynwaar krijt Tomke fan de bern de sinnebril op.

By elk tema heart in moaie praatplaat, ferhaaltsjes, ferskes, rymkes, nifel tips en spultsjes. Op de Tomke webside is noch mear te finen, sa as de wurdkaarten.

Dizze wurden sille in soad brûkt wurde:
de simmer - de zomer / de sinne - de zon / de sinnebril - de zonnebril / it strân - het strand / it sân - het zand /  it swimbad - het zwembad / de iisko - het ijsje / it ammerke - het emmertje / it skepke - het schepje