donderdag 18 februari 2016

Siik en sûn!

Snút snút snotter,
snotter snotter snút.

Tink der om, dêr komt wer ien,
in snottebel grut en grien!

Hatsjoe hatsjoe hatsjie
Wa hat in bûsdoek foar my?

Alle bern binne ferkâlden en ik snotterje sels lekker mei. De bern boartsje alle dagen dokterke want elkenien is siik! en by it sjen fan in snottebel wurdt der gau in doekje helle.
In nij tema betinke is net mear nedich dat ha de bern sels al dien.
Foar de kommende tiid is us tema 'siik en sûn', oer siik wêze en wer better wurde!


Sjoch ek ris op de appels & parren Pinterest pagina foar mear oer dit tema.