donderdag 9 oktober 2014

Hjerst tema: It stikelbarchje

Wat risselt dêr tusken de bledsjes?
wat skarrelt dêr yn'e tún?
in baltsje mei stikels en hielendal brún.
It is in.......stikelbarchje!

De kommende wiken ha wy in lyts stikelbarchje útfanhûs. Wy ha him in moai plakje jûn op de tafel mei allegear kastanjes en bledsjes om him hinne. Hy mei graach sliepe mar wannear't wy in ferhaaltsje lêze as in ferske sjonge dan wurdt hy wekker en docht moai mei us mei. Fansels fine wy it hiel gesellich mei Stikeltsje it stikelbarchje en ek wol in bytsje nijsgjirrich. Mei syn stikels op'e rêch en skerpe snút sjocht hy dêr wol wat gek út. Mei sa'n bysûndere útfanhûzer sille wy ús grif wol fermeitsje de kommende tiid!
  



Aktiviteiten
  • Wy lêze: In liuw yn'e tún - Riemkje Pitstra Tomke boekje thema natuer 2012.  Hjerstferhaaltsjes út it Tomke jierboek. In boek oer de stikelbaarch.
  • Opsisferskes: 
Lekker koese!
Stikeltsje, stikeltsje,
sliep mar lekker.
De hiele winter lang
wurdsto net wekker.
(bern dogge krekt oft se sliepe)

Do hast gjin tekkentsje,
do hast gjin gerdyn.
Mar in bulte bledsjes
dêr krûpst lekker yn.
(ûnder bledsjes krûpe)
 
Stikeltsje, stikeltsje,
sliep mar lekker.
Pas yn de maitiid
wurdsto wer wekker.
(sabeare wekker wurde)
Lekker koese!

Riemkje Pitstra Tomke boekje thema natuer 2012


Stikelbarchje
It ritselt yn'e bult met blêden. (mei papier ritseleje)
Ik sjoch in lytse, spitse snút (de holle ta it kleedútstekke)
en in bealchje fol mei stikels. (it kleed achter de rêch dwaan)
Der krûpt in stikelbarchje út. (derút krûpe)

Geartsje Douma Tûzenpoatsjes

  • Hjerstkuiers: sykje nei kastjanjes, ikeltsjes, moaie blêden en oar moai hjerstguod. 
  • In grutte bult meitsje fan blêden (huske foar de stikelbaarch) Bliuwt it lizzen of waait de wyn alles wer fuort...
  • Hoe fiele de stikels fan de stikelbaarch? krekt as de hierren fan in (ôfwask) boartstel as it jaske fan de kastanje?
  • Kinne wy us ek sa oprolje as in stikelbaarch? 
  • Sabearre in wintersliep hâlde, ûnder in tekkentsje krûpe en wer te foarskyn komme.
  • Nifelje: stikelbarchje meitsje mei knipers. Kleurje en fervje.